100 keer "fit op freed"
Geplaatst op 13 mei 2019
Dat bewege goed is foar âlderen, is sa stadichoan wol rûnom bekend. Mar om âldere minsken safier te krijen dat se struktureel bewege, dat is somtiden dreech. Yn Berlingastate yn Berltsum hawwe se dêr lykwols in tal jierren lyn in oplossing foar fûn. Sy kombinearje âldereinfitness mei gesellichheid.
Fit op Freed, sa't it programma hjit, is yn 2014 betocht troch fysioterapeut Jelle Eijzenga. Hy hat yn de ôfrûne jierren sjoen dat de oefeningen in soad fertuten dogge by de dielnimmers. "Wy dogge it tsien kear yn de hjerst en tsien kear yn de maitiid. As minsken dan yn de hjerst wer komme, dan sjochst dat se wer wat ferjitlik wurden binne. Mar se skerpje har wer op, en by de tredde of fjirde kear fernimme je dat se wer fitter fan lichem en geast wurde."
Geerte de Haan is ien fan de dielnimmers. Se is 96 jier âld, mar noch like fit as doe't se 80 wie. Fit op Freed hat dêr miskien wol in rol yn spile, want de âldste ynwenner fan Berltsum is in fanatikeling: se hat nammentlik noch mar twa kear in edysje mist, fan de 100 edysjes dy't der yn totaal west hawwe.
Selskip opsykje
Benammen de gesellichheid sprekt de âldste ynwenner fan Berltsum bot oan: "Ik fyn it leuk, want ik haw gjin bern, en dus sykje ik it selskip wol op!"
Fanwegen de 100ste edysje wie der freed in spesjaal feestje: de bern fan groep 3 fan de lokale basisskoalle kamen del om mei de âlderen mei te dwaan en spultsjes te spyljen.
Klik op de volgende link foar it hiele stik oer dizze prachtige activiteit. https://www.omropfryslan.nl/nijs/884499-fit-op-freed-al-hundert-kear-striid-tsjin-iensumens-en-stiifheid?fbclid=IwAR2pTKIMgXbrTD7VmUo1T3S-DJDTb3_1xtwob365Z0HqdXQ1vIKcxZMiXiA
Bron: Omrop Fryslan, 10 mei 2019